OK
×

Lustrumboek FFJ Bernlef

Lustrumboek FFJ Bernlef logo 1

Mei tanksij de stipe fan it Fryslân Fûns komt yn 2025 it lustrumboek ta eare fan 100 jier F.F.J. Bernlef ta stân. De redaksje, besteande út leden, âld-leden en in earelid hawwe moannen yn it spier west om 100 jier Bernlef yn in beskaat oantal siden fêst te lizzen: in útdaagjende opjefte. Oft it slagge is om al dy Frysksinnige aksjes, moaie ferhalen en freonskippen foar it libben op papier gear te fetsjen kinne jo achter komme by de útrikking fan it boek op de lustrumreüny dy’t plakhat op 24 maaie 2025 yn Grins.

Benijd nei it boek, de reüny of oare saken oangeande it 100-jierrich bestean fan de Fryske studinteferiening yn Grins? Nim dan kontakt op fia lustrum@bernlef.frl.

Op de foto de leden fan de lustrumboekredaksje. Fan links nei rjochts, boppe-oan: Jurjen van der Weg; middelste rige: Paulien Slats, Nynke Stamm, Welmoed Sjoerdstra, Jurjen Politiek; ûnderste rige: Jelte de Vries, Rimmer Wiebe van der Hoek, Emma Smith en Siemone Zuidema.

dakje met Geef-logo
Start date:
24-02-2025
End date:
25-02-2025